Frâns II fan Bretanje
From Wikipedia, the free encyclopedia
Frâns II fan Bretanje (Bretonsk: Frañsez II; Frânsk: François II; Clisson, 23 juny 1433 – Couëron, 9 septimber 1488) wie yn 'e twadde helte fan 'e fyftjinde iuw hartoch fan it ûnôfhinklike Hartochdom Bretanje. Hy wie in telch út 'e dynasty fan Dreux-Montfort dy't ek greve fan Montfort en Étampes wie en yn namme ek (mar net feitlik net) greve fan Richmond yn it Keninkryk Ingelân. Hy folge syn omke Arthur III yn 1458 op as hearsker oer Bretanje. Syn tritichjierrich regear waard karakterisearre troch syn krewearjen om it Keninkryk Frankryk op in ôfstân te hâlden, dat longere op anneksaasje fan Bretanje. Sadwaande wied er allegeduerigen deilis mei kening Loadewyk XI fan Frankryk en dy syn dochter Anna fan Frankryk, dy't nei har heite dea regintesse wie foar har jonge broer Karel VIII. Yn 1487 berikte dat in hichtepunt yn 'e saneamde Dwaze Oarloch, in militêr konflikt mei Frankryk dat Bretanje net winne koe. Frâns II waard twongen ta it tekenjen fan it fernederjende Ferdrach fan Verger, dat de facto in ein makke oan 'e Bretonske selsstannigens. Koarte tiid letter kaam er om by in ûngemak, wêrnei't er opfolge waard troch syn dochter Anna fan Bretanje.
Frâns II fan Bretanje | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
In byldhouwurk fan Frâns II fan Bretanje op syn grêftombe yn Nantes. | ||
echte namme | Frañsez II (Bretonsk) François II (Frânsk) | |
nasjonaliteit | Bretonsk | |
bertedatum | 23 juny 1433 | |
berteplak | Clisson | |
stjerdatum | 9 septimber 1488 | |
stjerplak | Couëron | |
dynasty | Hûs Dreux-Montfort | |
etnisiteit | Bretonsk | |
religy | roomsk | |
hartoch fan Bretanje | ||
regear | 1458 – 1488 | |
foargonger | Arthur III | |
opfolger | Anna |