Free jazz
From Wikipedia, the free encyclopedia
Free jazz is in avant-gardistyske muzykstyl yn de jazz dy't syn oarsprong fynt yn de fyftiger en sechstiger jierren. Jazzmuzisy dy't mei dy styl assosjearre wurde binne ûnder oare de saksofoanisten Ornette Coleman en Albert Ayler en de pianist Cecil Taylor. Skaaimerk fan dizze styl is it bewust ôfwiken fan de (yn dy tiid) gongbere konfinsjes yn de jazz-ymprovisaasje lykas fêste akkoardopfolgings, tonale harmony, of lykbliuwend tempo en in fêst metrum.