François Jaffrennou
From Wikipedia, the free encyclopedia
François Jaffrennou (folút: François-Joseph-Claude Jaffrennou; Bretonsk: Frañsez Jaffrennou; Carnoët, 15 maart 1879 – Bergerac, 26 maart 1956) wie in Frânsk dichter, redakteur en aktivist fan etnysk Bretonsk komôf. Hy wie in Bretonske nasjonalist en in neo-druïdistyske bard en stie ek rûnom bekend ûnder syn druïdistyske namme Taldir, dat Bretonsk is foar "Muorre fan Stiel". Soms wurdt er dêrom François Taldir-Jaffrennou neamd. Hy wie ien fan 'e grûnlizzers fan 'e autonomistyske beweging yn syn heitelân Bretanje en ek fan 'e Goursez Vreizh, it Bretonske neo-druïdistyske genoatskip. Teffens wied er de skriuwer fan it Bretonske folksliet Bro Gozh ma Zodoù. Under de Twadde Wrâldoarloch besmodzge Jaffrennou syn reputaasje troch gear te wurkjen mei it kollaborearjende Vichy-rezjym. Nei de oarloch waard er dêrom oppakt en finzen setten, mar op foarspraak fan fersetslju en Joaden kaam er wer frij.
François Jaffrennou | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | François-Joseph-Claude Jaffrennou | |
oare namme | Taldir | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 15 maart 1879 | |
berteplak | Carnoët (Bretanje) | |
stoarn | 26 maart 1956 | |
stjerplak | Bergerac (Akwitaanje) | |
etnisiteit | Bretonsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | dichter | |
aktyf as | aktivist | |
jierren aktyf | 1898 – 1955 | |
bekendste wurk(en) | Bro Gozh ma Zadoù (Bretonsk folksliet) |