Franz Liszt
From Wikipedia, the free encyclopedia
Franz Liszt (Hongaarsk: Liszt Ferenc(z), nei 1859 Dútsk: Franz Ritter von Liszt, Raiding, 22 oktober 1811 – Bayreuth, 31 july 1886) wie in Hongaarsk komponist en pianofirtuoas. Hy jildt as ien fan de grutste pianofirtuoazen fan alle tiden. Franz Liszt wie teffens in foaroansteand en súksesfol muzykpedagooch, myzykherfoarmer en -fernijer; it symfonysk gedicht en it pianorecital wurde oan him taskreaun. Franz Liszt syn libben en wurk spile him fral yn Wenen en Parys ôf; syn lettere libben tusken Weimar, dêr't er hofkapelmaster wie, Boedapest en Rome, dêr't er ek de legere prysterwijing krige. Hy waard altyd oansprutsen mei "abbé" (heit), hoewol't syn wijing him dêr gjin rjocht op joech.