Frâns fan Anzjû
From Wikipedia, the free encyclopedia
Frâns Herkules fan Falois (Frânsk: François-Hercule de Valois; Parys, 18 maart 1555 - Château-Thierry, 10 juny 1584), hartoch fan Anzjû, wie de jongste soan fan kening Hindrik II fan Frankryk en Katharina de' Medici. Hy wie de jongere broer fan de Frânske keningen Frâns II, Karel IX en Hindrik III en groeide as katolyk op yn de tiid fan de eskalearjende hugenoaten oarloggen dêr't Spanje en Ingelân har ek yn minge soenen.