Fox Broadcasting Company
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Fox Broadcasting Company (faak ôfkoarte ta Fox en offisjeel stilearre yn haadletters as FOX) is in Amerikaansk Ingelsktalich nasjonaal en kommersjeel tillefyzjenetwurk dat útstjoerd fia de eter. It bedriuw is in dochterûndernimming fan 'e Fox Corporation, en waard yn 1986 oprjochte as in konkurrint fan 'e 'Grutte Trije' tillefyzjenetwurken (ABC, CBS en NBC). It haadkertier is fêstige oan 1211 Avenue of the Americas yn New York, en njonkenkantoaren sitte yn it Fox Broadcasting Center (ek yn New York) en yn it Fox Television Center yn Los Angeles. De Fox Broadcasting Company moat net betize wurde mei Fox News, in tige rjochtse Amerikaanske nijsstjoerder dy't inkeld fia keabeltillefyzje útstjoerd. Hoewol't Fox News ek ûnderdiel útmakket fan 'e Fox Corporation, binne der gjin direkte ûnderlinge bannen tusken dy stjoerder en de Fox Broadcasting Company.
Fox Broadcasting Company | |
---|---|
medium | tillefyzje |
nasjonaliteit | Amerikaansk |
taal | Ingelsk |
oprjochte | 1986 |
haadkertier | New York (New York) |
ûntfangstgeb. | Feriene Steaten (ek S. Kanada, N. Meksiko) |
eigner | Fox Corporation |
webside | www.fox.com |
- Dizze side giet oer de algemiene tillefyzjestjoerder. Foar de rjochtse nijsstjoerder, sjoch: Fox News.