Ford Madox Ford
From Wikipedia, the free encyclopedia
Ford Madox Ford (Merton, Surrey) 17 desimber, 1873 - 26 juny, 1939) wie in Ingelsk romanskriuwer, dichter, kritikus en literêr redakteur.
Mei syn ferneamde wurk út 1915, "The Good Soldier", krige syn namme klank. De roman wurdt priizge om syn subtile beskriuwing fan yllúzjes en wierheden fan it libben.
Ford stiet ek bekend om syn eksperiminten mei fiksje en om syn stipe oan begjinnende skriuwers sa as D.H. Lawrence, dy't letter in wichtich skriuwer wurde soe.
Tusken 1924 en 1928 skreau er de tetralogy "Parade's End".
Yn de Earste Wrâldkriich wie er offisier by de Royal Welch Fusiliers oan it Westlik Front.
Ford hat syn lêste jierren les jûn oan it Olivet College yn Michigan, en is stoarn yn Deauville, Frankryk, mei 65 jier.