Fizel
From Wikipedia, the free encyclopedia
De fizel is in fariant fan de skroef fan Archimedes en skroeft it wetter fan leech nei heech. De fizel hat 2 of 3 skroefgongen. In troch betimmering omsluten fizel wurdt tonmûne neamd. De tonmûne hat in beheine opfierhichte, omdat by it pompen de hiele tonne fol wetter komt te stean en sa by in gruttere lingte it gewicht fan it wetter te grut wurdt.
In tsjasker hat sa'n tonmûne.
Sûnt 1630 wurde poldermûnen mei in fizel tapast by djippere bemeallings (djipper as 1,50 meter). Oant dy tiid waarden skeprêden brûkt en wienen molegongen needsaaklik om it wetter heger op te fieren as de maksimale opfierhichte fan in skeprêd. Fizels waarden yn it earstoan fan hout makke (sjoch boppeste foto); sûnt 1900 wurde se ek fan stiel makke. In stielen fizel kin it wetter 4 oant 5 m opfiere. By gruttere opfierhichten rint it rendemint werom. In houten fizel sakket maklik troch en hat mear lekferliezen, wêrtroch't de opfierhichte lytser is. By in fizel wurdt it wetter drûgen troch de fizelkom.
De oerbringingsferhâlding fan fizelmoles is meastal 1:2 (1 toer fan it wjukkekrús jout 2 toeren fan de fizel).