Finske Golf
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Finske Golf (Finsk: Suomenlahti; Russysk: Финский залив, Finskiy zaliv; Sweedsk: Finska viken; Estsk: Soome laht) is it eastlikste part fan de Eastsee en leit tusken Finlân (yn it noarden), Estlân (yn it suden) en Ruslân (yn it easten) yn. Yn Ruslân leit Sint Petersburch oan de golf, op it plak dêr’t de rivier Neva yn de golf útmûnet. Oare grutte stêden oan de Finske Golf binne Helsinky en Tallin. It eastlikste part fan de golf is fan Ruslân en guon fan syn wichtichste oaljehavens lizze oan it wetter.
Fluch de feiten
Finske Golf | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | tusken Finlân en Estlân | |
lân | Estlân Finlân Ruslân | |
koördinaten | 59°50′ N, 26°0′ E | |
ûnderdiel fan | Eastsee | |
sifers | ||
maks. lingte | 400 km | |
maks. breedte | 130 km | |
oerflak | 30.000 km² | |
djiptegemiddelde | 38 m | |
djipste punt | 115 m | |
Utsjoch op it eilân Hogland. |
Slute