Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva
From Wikipedia, the free encyclopedia
Don Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva (Piedrahíta, 29 oktober 1507 – Lissabon, 11 desimber 1582) wie in foaroansteand Spaansk ealman, politikus, diplomaat en fjildhear fan Kastyljaansk komôf. Syn folsleine namme en titulatuer wie: don Fernando Álvarez de Toledo y Pimentel, 3e hartoch fan Alva (eins: Alba de Tormes), 4e markys fan Coria, 3e greve fan Salvatierra de Tormes, 2e greve fan Piedrahíta, 8e hear fan Valdecorneja, ridder fan 'e Oarder fan it Gouden Flues, grande fan Spanje. Syn foarnamme wurdt ek wol ferfryske en fernederlânske ta Ferdinand.
Fernando Álvarez de Toledo, hartoch fan Alva | ||
politikus | ||
De hartoch fan Alva, skildere troch Tytsiaan. | ||
echte namme | Fernando Álvarez de Toledo y Pimentel, 3e hartoch fan Alva | |
nasjonaliteit | Spaansk | |
bertedatum | 29 oktober 1507 | |
berteplak | Piedrahíta (Keninkryk Kastylje) | |
stjerdatum | 11 desimber 1582 | |
stjerplak | Lissabon (Keninkryk Spanje) | |
etnisiteit | Kastyljaansk | |
grutsteedhâlder fan 'e kening fan Spanje | ||
amtsperioade | 1541 – 1582 | |
gûverneur fan it Hartochdom Milaan | ||
amtsperioade | 1555 – 1556 | |
foargonger | Ferdinando Gonzaga | |
opfolger | Cristoforo Madruzzo | |
ûnderkening fan it Keninkryk Napels | ||
amtsperioade | 1556 – 1558 | |
foargonger | Bernardino de Mendoza | |
opfolger | Juan Fernández Manrique de Lara | |
lânfâd fan 'e Nederlannen | ||
amtsperioade | 1567 – 1573 | |
foargonger | Margareta fan Parma | |
opfolger | Luis de Requesens y Zúñiga | |
ûnderkening fan Portegal en de Algarve | ||
amtsperioade | 1580 – 1582 | |
foargonger | ― (nij amt) | |
opfolger | Albertus fan Eastenryk | |
konstabel fan Portegal | ||
amtsperioade | 1581 – 1582 | |
foargonger | Jehan, 6e hartoch fan Braganza | |
opfolger | Teodoasius II, 7e hartoch fan Braganza |
- N.B.: Dit is in Spaanske namme. De (inkele of gearstalde) foarnamme is Fernando. De earste efternamme (fan heitekant) is Álvarez de Toledo, en de twadde efternamme (fan memmekant) is Pimentel. As dizze persoan oantsjut wurdt mei de efternamme, moat de foarm Álvarez de Toledo of oars Álvarez de Toledo y Pimentel brûkt wurde.
Hoewol't er in lang amtlik en militêr wurkpaad hie dat him yn Spanje de bynamme de Grutte Hartoch fan Alva opsmiet, stiet er yn Nederlân en Belgje benammen bekend as de Izerne Hartoch, dy't tusken 1567 en 1573 as lânfâd fan 'e Nederlannen mei syn ûnmeilydsum belied eltse fermoedsoening tusken de Steatsksinnigen en de Spaansksinnigen ûnmooglik makke. Dat late ta de útbraak fan 'e Opstân yn 'e Nederlannen, dy't letter it begjin fan 'e Tachtichjierrige Oarloch blike soe te wêzen. Yndirekt wied er dêrmei ferantwurdlik foar it ûntstean fan 'e ûnôfhinklike Republyk fan 'e Feriene Nederlannen, de foarrinner fan it moderne Nederlân.