Fan Noli
From Wikipedia, the free encyclopedia
Fan Noli (folút: Theofan Stilian Noli; Ibriktepe (Osmaanske Ryk), 6 jannewaris 1882 – Fort Lauderdale (Floarida), 13 maart 1965) wie in Albaneesk geastlike, skiedkundige, diplomaat, politikus, publisist, dichter, oersetter en komponist. Hy wie in nasjonalist, dy't benammen in tige wichtige rol spile by de oprjochting fan 'e Albaneesk-Otterdokse Tsjerke en de konsolidaasje fan it Albaneesk as de nasjonale taal fan Albaanje, troch syn grutte oeuvre oan oersettings út 'e wrâldliteratuer nei it Albaneesk. Dêrnjonken droech er mei ferskate wittenskiplike publikaasjes ek by oan 'e Ingelsktalige literatuer. As politikus krewearre er om 'e nocht om fan Albaanje in demokratysk Westersk lân te meitsjen, wêrby't er nei de Junyrevolúsje fan 1924 in healjier as premier tsjinne. Neitiid moast er lykwols syn heitelân ûntflechtsje en brocht er syn fierdere libben yn ballingskip troch, earst yn Jeropa, en letter yn 'e Feriene Steaten.
Fan Noli | ||
politikus | ||
echte namme | Theofan Stilian Noli | |
nasjonaliteit | Albaneesk | |
bertedatum | 6 jannewaris 1882 | |
berteplak | Ibriktepe (Osmaanske Ryk) | |
stjerdatum | 13 maart 1965 | |
stjerplak | Fort Lauderdale (Floarida) | |
etnisiteit | Albaneesk | |
biskop en primaat fan de Albaneesk-Otterdokse Tsjerke | ||
amtsperioade | 1923 – 1965 | |
premier en regint fan Albaanje | ||
amtsperioade | juny – desimber 1924 | |
foargonger | Iliaz Vrioni | |
opfolger | Iliaz Vrioni | |
Albaneesk minister fan Bûtenlânske Saken | ||
amtsperioade | 1921 – 1922 | |
lid fan it Albaneeske Parlemint | ||
amtsperioade | 1921 – 1924 |