Falaise
From Wikipedia, the free encyclopedia
Falaise is in gemeente yn it suden fan it Frânske departemint Calvados yn de regio Normandje. It plak makket diel út fan it arrondissemint Caen. Oant 2015 wie Falaise ferdield yn de kantons Falaise-Nord en Falaise-Sud.
Falaise | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Frankryk |
Regio | Normandje |
Departemint | Calvados |
Sifers | |
Ynwennertal | 8.086 (2018) |
Oerflak | 11,84 km² |
Befolkingstichtens | 683 / km² |
Stêdekloft | 10.760 (2016) |
Hichte | 89-188 m |
Oar | |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 48° 53' 32" N 0° 11' 36" E |
Webside | Side fan Falaise |
Hartoch Willem fan Normandje (Willem de Oermasterer) residearre op de foargonger fan it hjoeddeiske kastiel fan Falaise. Nei't er yn 1066 Ingelân oermastere bleau er dêr as kening fan Ingelân. De histoaryske binnenstêd hat in grut part fan de midsiuwske fortifikaasjes bewarre.
Yn de Twadde Wrâldkriich waard der om Falaise hinne fûleindich fochten tusken de op de Normandyske strannen lanne alliearden en de Dútske besetters. By de slach waarden twa Dútske legers ynsletten en ferneatige. By de slach waarden grutte dielen fan de stêd skeind. Nei de kriich waard Falaise wer opboud.