Emil Adolf von Behring
From Wikipedia, the free encyclopedia
Emil Adolf von Behring (Hansdorf, 15 maart 1854 – Marburg, 31 maart 1917) wie in Dútsk medikus. Tusken 1874 en 1878 studearre er foar dokter by it Dútske leger. Hy wie yn 't foarste plak in militêr genêshear. Letter waard hy professor fan hygiëne oan de Universiteit fan Marburg en dat soe er syn hiele libben bliuwe.
Behring wie de earste dy't yn 1901 de Nobelpriis foar de Fysiology of Genêskunde wûn. Hy krige de priis foar it meitsjen fan in serum tsjin diftery en tetanus. Fanwege dy prestaasje waard er ek adele.