Elzas-Loataringen
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Rykslân Elzas-Loataringen (Dútsk: Reichsland Elsaß-Lothringen of Elsass-Lothringen) wie in gebiet stifte troch it Dútske Keizerryk yn 1871, nei't it de Elzas en it departemint Moselle yn Loataringen ynlive hat nei de Frânsk-Dútske Kriich yn 1870. De Elzas lei yn de delling fan de Ryn oan de lofterigge en beëasten it berchtme fan de Fogezen. It part fan Loataringen wie de boppe kant fan de delling fan de Mûzel benoarden de Fogezen.
It gebiet besloech 93% fan de Elzas en 26% fan Loataringen, wylst de rest fan de gebieten by Frankryk bleaune. Om histoaryske reden binne guon wetlike regelings hjoed-de-dei noch hieltyd omskreaun as "pleatslike wet". Om syn spesjale wetlike status, is it gebiet, nei't it nei de Earste Wrâldkriich wer part fan Frankryk waard, as Elzas-Moselle oantsjutten.
Sûnt 2016 is it gebiet part fan de Frânske bestjoersregio it Grutte Easten.
Rykslân Elzas-Loataringen Reichsland Elsaß-Lothringen | |
---|---|
01871–1918 | |
flagge | wapen |
Folksliet: Elsässischen Fahnenlied ("Elzassyske Findelliet") | |
geografyske lokaasje | |
polityk | |
haadstêd | Straasburch |
offisjele taal | Dútsk, Frânsk |
steatsfoarm | Rykslân fan it Dútske Keizerryk |
ûntstien út | Tredde Frânske Republyk |
opgien yn | Republyk Elzas-Loataringen |
no diel fan | Frankryk |
sifers | |
ynwennertal | 1.549.738 (1871) 1.815.000 (1905) |
oerflak | 14.522 km² |