El Cid
From Wikipedia, the free encyclopedia
Rodrigo Díaz fan Vivar, better bekend ûnder syn bynamme El Cid, (Vivar del Cid, ±1043 – Falinsia, 10 july 1099) wie in Midsiuwske ridder en kriichshear yn it Keninkryk Leön en it Keninkryk Kastylje, dy't yn it moderne Spanje noch altyd de status fan folksheld hat. Syn bynamme is in Spaanske ferbastering fan 'e Arabyske earetitel al-Sajid, dat "de Hear" betsjut. Hy stie ek bekend ûnder de bynamme El Campeador ("de Foarfjochter"). Yn it tiidrek fan 'e Reconquista, de iuwen duorjende werovering fan it Ibearysk Skiereilân troch de kristenen op 'e Moaren, focht El Cid yn 'e legers fan sawol kristlike as islamityske hearskers. Oan it haad fan in leger ridders dat inkeld trou oan himsels wie, kaam er oan 'e ein fan 'e alfde iuw it eastlike part fan it Ibearysk Skiereilân te dominearjen. Yn 1194 ferovere er Falinsia op 'e Moaren, dat er dêrnei oant syn ferstjerren regearre as prins. Syn dieden waarden letter ferivige yn it ferneamde Midsiuwske Spaanske epos El Cantar de mio Cid, en noch letter yn ferskate toanielstikken, films en oare media.
El Cid | ||
aadlik persoan en/of hearsker | ||
It stânbyld fan El Cid yn Burgos. | ||
echte namme | Rodrigo Díaz fan Vivar | |
nasjonaliteit | Kastyljaansk | |
bertedatum | ±1043 | |
berteplak | Vivar del Cid | |
stjerdatum | 10 july 1099 | |
stjerplak | Falinsia | |
etnisiteit | Kastyljaansk | |
prins fan Falinsia | ||
amtsperioade | 1094 – 1099 | |
foargonger | ibn Djahaf | |
opfolger | Ximena Díaz |
- Dizze side giet oer de 11e-iuwske Kastyljaanske kriichshear. Foar oare betsjuttings, sjoch: El Cid (betsjuttingsside).