Eklektisisme (arsjitektuer)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eklektisisme is it byinoar bringen yn in ien wurk fan eleminten fan ferskaat oan stilen of streamingen. Yn de architektuer (en ynterieurûntwerp) wurdt de term benammentlik brûkt foar in rjochting yn it 19e-iuwske en ier 20e-iuwske histoarisme, de eklektyske styl.
In de 19e-iuwse byldzjende keunst bestie der gjin oerhearskjende, alles befiemjende styl. De bloei fan de wittenskip en de keunstskiednis foarmen in stimulâns om âlde stilen ta nij libben komme te litten, wat in histoarisearjende foarmjouwing fan gefolch hie. De (bou)technyk hie him geweldich ûntjûn mar dat fertaalde him lykwols net nei in nije foarmjouwing. Der koe ommers keazen wurde út de folsleine arsjitektoanyske erfenis. Sa ûntstiene ferskate neostilen, ûnder oaren:
- Neogotyk
- Neoromaansk
- Neoklassisisme