Edwin Hubble
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edwin Powell Hubble (Marshfield (Missoery), 20 novimber 1889 – San Marino (Kalifornje, 28 septimber 1953) wie in Amerikaansk astronoom en kosmolooch. Hubble koe yn 1923 sjen litte dat de 'dize' dy't oan de himmel te sjen binne, ôfsûnderlike stjerrestelsels binne. Dêrmei waard it bewiis levere dat it hielal folle grutter is as ynearsten tocht waard. Ien fan syn wichtichste ûntdekkings (1929) wie dat dêr in ferbân bestie tusken de readferskowings fan fiere stjerrestelsels en harren ôfstân ta de ierde. Dêrmei koe de teory dat it hielal útwreide ferklearre wurde.
Fluch de feiten
Edwin Hubble | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Edwin Powell Hubble | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 20 novimber 1889 | |
berteplak | Marshfield (Missoery) | |
stoarn | 28 septimber 1953 | |
stjerplak | San Marino (Kalifornje) | |
etnisiteit | Anglo-Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | astronomy | |
aktyf as | astronoom, kosmolooch | |
reden bekendheid | Hubble-sekwinsje, oerknal, Wet fan Hubble-Lemaître |
Slute