Edgar Rice Burroughs
From Wikipedia, the free encyclopedia
Edgar Rice Burroughs (Chicago, 1 septimber 1875 – Encino (Kalifornje), 19 maart 1950) wie in Amerikaansk skriuwer, dy't it bekendst waard as de geastlike heit fan 'e held en master fan it oerwâld Tarzan. Njonken aventoerefiksje yn it ramt fan 'e Tarzan-romans en oare searjes skreau Burroughs ek science fiction, lykas de Barsoom-rige oer de heldhaftige Martiaanske aventoersman John Carter, fantasy, lykas de Pellucidar-searje oer in ferlerne wrâld yn 'e midden fan 'e Ierde, en fierders histoaryske romans en westerns. Yn syn eigen tiid waarden syn wurken oer it algemien beskôge as pulpromans, mar nettsjinsteande dat hawwe fral de Tarzan-romans in bliuwende ynfloed op 'e Westerske kultuer útoefene.
Fluch de feiten
Edgar Rice Burroughs | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
oar pseudonym | Norman Bean | |
echte namme | Edgar Rice Burroughs | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1 septimber 1875 | |
berteplak | Chicago (Illinois) | |
stoarn | 19 maart 1950 | |
stjerplak | Encino (Kalifornje) | |
etnisiteit | Ingelsk Dútsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | aventoerefiksje, fantasy, science fiction, western, histoaryske fiksje | |
perioade | 1e helte f.d. 20e iuw | |
bekendste wurk(en) | Tarzan of the Apes oare Tarzan-romans Barsoom-searje Pellucidar-searje | |
jierren aktyf | 1911 – 1950 | |
offisjele webside | ||
www.edgarriceburroughs.com |
Slute