Echte beamiikhoarntsjes
From Wikipedia, the free encyclopedia
De echte beamiikhoarntsjes (Latynske namme: Sciurini) foarmje in tûke fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), it ûnderskift fan 'e iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en de ûnderfamylje fan 'e echte iikhoarntsjes (Sciurinae). Ta dizze tûke hearre 39 soarten ferdield oer fiif skaaien, wêrfan't trije yn 'e Nije Wrâld foarkomme en ien yn Jeraazje, wylst it fyfde, monotypyske skaai inkeld op it Súdeastaziatyske eilân Borneo libbet.
Fluch de feiten
Echte beamiikhoarntsjes | ||
In griis iikhoarntsje. | ||
Taksonomy | ||
ryk: | dieren (Animalia) | |
stamme: | rêchstringdieren (Chordata) | |
ûnderstamme: | wringedieren (Vertebrata) | |
klasse: | sûchdieren (Mammalia) | |
skift: | kjifdieren (Rodentia) | |
ûnderskift: | iikhoarntsjes en sliepmûzen (Sciuromorpha) | |
famylje: | iikhoarntsjes (Sciuridae) | |
ûnderfamylje: | echte iikhoarntsjes (Sciurinae) | |
tûke: | echte beamiikhoarntsjes (Sciurini) | |
Fischer von Waldheim, 1817 | ||
Slute