Düne
From Wikipedia, the free encyclopedia
Düne (Frysk: Dune, Noardfrysk: De Hallem) is in lyts eilân yn it Dútske diel fan de Noardsee, yn it part dat ek wol de Helgolânske Bocht neamd wurdt. Tegearre mei Helgolân foarmje de eilannen de eilannegroep Helgolân. It eilân leit likernôch 1,5 kilometer eastlik fan Helgolân. Düne is lykas Helgolân part fan de Dútske dielsteat Sleeswyk-Holstein. It eilân is sa’n 1,3 kilometer lang en 850 meter breed.