Dornier Do 17Z
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dornier Do 17Z wie in bommewerper fan de Dútske Luftwaffe, dy't fral yn it begjin fan de Twadde Wrâldkriich ynset waard, bygelyks yn de slach om Ingelân, mar earder ek al yn de Spaanske Boargeroarloch (1936-1939).
Dornier Do 17Z | |
---|---|
Rol | Bommesmiter, nachtjager |
Makker | Dornier |
Earste flecht | 23 novimber 1934 |
Yn tsjinst | 1937 |
Ut tsjinst | 15 septimber 1952 (Finske Loftmacht) |
Tal makke | 2.055 (1934-oktober 1940) |
Grutste brûkers | Luftwaffe, Joegoslaavje, Finlân, Spanje |
Fariant | Dornier Do 215 |
It tastel mei de bynamme Fleanend Potlead waard nei dy slach net mear produsearre, it wie ferâldere. It ûntwerp wie fan 1934 en wie oarspronklik bedoeld as postfleantúch. Wol bleau it tsjinst dwaan as treningsfleanmasine en as nachtjager.
Doe't it yn 1937 troch de Luftwaffe út de kast helle waard, útrist mei Daimler-Benz DB 600A motors, wie it de jagers út dy tiid noch de baas (as Schnellbomber), mar doe't dat type motors nei de Messerschmitt Bf 109 giene en Dornier mei lichtere moters ta moast, wie it gjin partij foar jagers as de Hawker Hurricane en de Spitfire. Ek oan it Eastfront foldie it tastel net langer.
Fleanders hâlden wol fan it tastel om't it sterk, stabyl en betrouber wie. De Do 17 hie gjin bepânsering.
Yn totaal binne der goed 2.000 fan boud en hat it tsjinne by ferskate Jeropeeske loftmachten.