De Doolittle Raid (Ingelsk foar "Loftoanfal fan Doolittle"; útspr.: [ˈduːlɪdl ɹeːd], likernôch: "dûû-lid-dul reed") is de gongbere beneaming foar in bombardemint dat op 18 april 1942 troch de Amerikaanske Legerloftstriidkrêften (de foarrinner fan 'e Amerikaanske Loftmacht) útfierd waard op 'e Japanske haadstêd Tokio en beskate oare doelen yn Japan. It wie in ferjildingsaksje foar de Japanske Oanfal op Pearl Harbor op 7 desimber 1941. De oanfal waard betocht, taret en útfierd troch luitenant-kolonel Jimmy Doolittle, nei wa't it bombardemint letter ek ferneamd waard. De Japanners waanden harren feilich bûten it berik fan Amerikaanske bommesmiters, mar Doolittle trainde syn mannen om mei B-25 Mitchells op te stiigjen fan in fleandekskip. De USS Hornet sette him en syn mannen op 1.200 km út 'e kust fan Japan ôf. Fan 'e 16 B-25's stoarten 15 del yn Sina; de sechstjinde lâne yn Vladivostok, yn 'e Sovjet-Uny. Trije fan 'e fleanders kamen om, wylst acht oaren troch de Japanners kriichsfinzen nommen waarden. De oanfal feroarsake yn Japan mar lichte materiële skea, mar de psychologyske skok wie grut. Foar de Amerikanen wie it benammen in propaganda-oerwinning dy't it nei de Oanfal op Pearl Harbor te lider sleine moreel wer wat opfizele.
Doolittle Raid (ûnderdiel fan 'e Twadde Wrâldoarloch) |
In B-25 Mitchell stiget op fan it dek fan 'e USS Hornet om diel te nimmen oan 'e Doolittle Raid. |
|
datum: | 18 april 1942 |
plak: | súdlik Japan |
útkomst: | In Amerikaanske propagandastunt dêr't it Amerikaanske moreel fan opbettere. Lichte materiële skea yn Japan, mar wichtige psychologyske effekten op it Japanske moreel. |
konfliktpartijen |
|
befelhawwers |
Jimmy Doolittle |
prins Naruhiko |
|
sterkte |
|
ferliezen |
3 deaden 8 kriichsfinzenen 15 B-25's ferneatige 1 B-25 fêst yn 'e USSR
|
±50 deaden ±400 ferwûnen 5 kriichsfinzenen 5 patrûljeboaten sonken 3 of mear fleantugen delsketten lichte materiële skea |
|
|
|