Denali
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Denali (Ingelske útspr.: [dɪˈnɑːli], likernôch: "din-naa-ly"), oant 2015 (ek) bekend as de Mount McKinley, is in berch yn 'e Amerikaanske steat Alaska dy't mei in hichte fan 6.190 m de heechste berch fan Noard-Amearika is. De Denali heart ta it Alaskaberchtme, dat ûnderdiel útmakket fan it Pasifysk Kustberchtme. It is de op twa nei meast isolearre berch fan 'e wrâld, nei de Mount Everest yn 'e Himalaya en de Aconcagua yn 'e Andes. De Denali is in rotsmassyf fan granyt, dat leit yn it dernei ferneamde Nasjonaal Park en Wyldreservaat Denali. Ynsafier bekend waard yn 1903 foar it earst besocht de berch te beklimmen, wêrnei't yn 1913 de earste súksesfolle betwinging fan 'e Denali plakfûn. Fan in ekspedysje fan fjouwer man berikte Walter Harper doe as earste de top.
Denali | ||
berch | ||
De Denali wjerspegele yn in marke. | ||
Lokaasje fan 'e Denali yn Alaska. | ||
geografy | ||
oare namme | Mount McKinley | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
regio | Binnenlân fan Alaska | |
berchtme | Alaskaberchtme | |
koördinaten | 63°04′10″ N 151°00′27″ W | |
sifers | ||
hichte b. seenivo | 6.190 m | |
relative hichte | 5.500 m | |
oar | ||
soarte berch | rotsmassyf | |
stiensoarte | granyt | |
1e beklimming | 1913 | |
1e beklimmer | Walter Harper |