Dei fan de Deaden
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Dei fan de Deaden (Spaansk: Día de los Muertos of Día de Muertos) is in Meksikaanske hjeldei, dy't elts jier troch Meksikanen yn harren heitelân en om utens fierd wurdt yn 'e nacht fan 1 op 2 novimber. Dizze hjeldei is fan âlds ferbûn mei de roomske hjeldagen Alderheljen en Aldersielen, en kin karakterisearre wurde as in betinking fan ferstoarne famyljeleden en freonen. Lykwols wurdt de Dei fan 'e Deaden oer it algemien ôfskildere as in feestdei ynstee fan in dei fan rou. Santa Muerte is de hillige dy't mei dizze hjeldei ferbûn is.
Fluch de feiten
Dei fan de Deaden Día de los Muertos | ||
plak en tiid | ||
lân | Meksiko | |
plak | hiele lân | |
datum | 1 – 2 novimber | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Día de (los) Muertos | |
oanlieding | kultureel, religieus | |
soarte evenemint | betinking | |
org. troch | nimmen (folksfeest) | |
besibbe mei | Alderheljen, Aldersielen, Halloween |
Slute