Deadwood (Súd-Dakota)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Deadwood (Ingelsk foar "deadhout"; Lakota: Owáyasuta, "goedkarring" of "befêstiging") is in lytseftige delsetting mei de status fan stêd yn it westen fan 'e Amerikaanske steat Súd-Dakota. It is it haadplak fan it omlizzende Lawrence County. Deadwood waard yn 1876, ûnder de Goudkoarts fan de Black Hills, stifte troch blanke goudsikers dy't yllegaal it lân fan 'e Lakota-Yndianen binnenkrongen wiene. Se neamden harren delsetting nei in stikmannich deade beammen dy't se yn in ravyn oantroffen. Yn syn heechtijdagen hie Deadwood in befolking fan 5.000 minsken en loek it grutte nammen oan út 'e tiid fan it Wylde Westen, ûnder wa Wyatt Earp, Calamity Jane en Wild Bill Hickok, dy't yn Deadwood fermoarde waard. Neffens in offisjele skatting út 2015 hie it stedsje doe minder as 1.300 ynwenners. Yn 1961 krige it hiele plak de monumintale status fan in nasjonaalhistoarysk plak omreden fan 'e goed bewarre bleaune arsjitektuer út 'e tiid fan 'e goudkoarts.
Deadwood | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Súd-Dakota | |
County | Lawrence County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.264 (2016) | |
Oerflak | 9,9 km² (ynkl. wetter) 9,9 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 127,8 / km² | |
Hichte | 1.381 m | |
Oar | ||
Stifting | 1876 | |
Tiidsône | UTC –7 | |
Simmertiid | UTC –6 | |
Koördinaten | 44°22′36″N 103°43′45″W | |
Offisjele webside | ||
www.deadwood.com | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Deadwood yn Lawrence County en yn 'e steat Súd-Dakota. |