David Copperfield (roman)
From Wikipedia, the free encyclopedia
David Copperfield, mei deselde namme yn it oarspronklike Ingelsk, al is de folsleine titel eins The Personal History, Adventures, Experience and Observation of David Copperfield the Younger of Blunderstone Rookery (Which He Never Meant to Publish on Any Account), is in roman fan 'e hân fan 'e grutte Britske skriuwer Charles Dickens (1812-1870). Dit boek, dat beskôge wurde kin as in ûntwikkelingsroman, fertelt it ferhaal fan 'e jonge David Copperfield fan syn jonge bernejierren oant syn folwoeksenens. It is ien fan Dickens syn bekendste romans, en stiet derom bekend dat de skriuwer der in protte autobiografyske eleminten yn ferwurke. David Copperfield waard foar it earst publisearre yn 'e foarm fan in fúljeton yn 'e jierren 1849-1850, en dêrnei as boek yn 1850. De Fryske oersetting, fan Geart fan der Mear, ferskynde yn 2015.
David Copperfield | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | David Copperfield | |
auteur | Charles Dickens | |
taal | Ingelsk | |
foarm | roman | |
sjenre | ûntwikkelingsroman | |
1e publikaasje | 1849-1850 (as fúljeton) as boek: 1850, Londen | |
oarspr. útjwr. | Bradbury & Evans | |
oersetting nei it Frysk | ||
Fryske titel | David Copperfield | |
publikaasje | 2015, Ljouwert | |
útjouwer | Utjouwerij Elikser | |
oersetter | Geart fan der Mear | |
ISBN oers. | 978-9 08 95 47 576 |