Dangerous Liaisons (film út 1988)
film út 1988 fan Stephen Frears / From Wikipedia, the free encyclopedia
Dangerous Liaisons is in Amerikaansk romantysk kostúmdrama út 1988 ûnder rezjy fan Stephen Frears. De haadrollen waarden spile troch John Malkovich en Glenn Close, mei Michelle Pfeiffer en Uma Thurman en Keanu Reeves as hiel jonge akteurs yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "Gefaarlike Ferhâldings". De film is in adaptaasje it toanielstik Les Liaisons dangereuses fan Christopher Hampton, dat sels wer basearre wie op 'e Frânske briefroman mei deselde namme fan Choderlos de Laclos út 1782. It ferhaal folget twa rike aristokraten yn 'e tiid fan it Ancien Régime yn Frankryk, dy't har fermeitsje mei wrede spultsjes fan wraak en ferlieding. Se jouwe neat om 'e gefolgen foar harren slachtoffers, oant se op 't lêst troch eigen tadwaan sels meisleept wurde nei de ûndergong. Dangerous Liaisons krige oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen. De film waard nominearre foar û.o. de Oscar foar Bêste Film, en wûn trije oare Oscars, twa BAFTA's en in César du Cinéma. Dangerous Liaisons moat net betize wurde mei Valmont, in film dy't krektlyk basearre is op 'e roman fan De Laclos en dy't in jier letter útkaam, yn 1989.
Dangerous Liaisons | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Stephen Frears | |
produsint | Norma Heyman Hank Moonjean | |
senario | Christopher Hampton | |
basearre op | ● it toanielstik fan Christopher Hampton ● de roman fan Choderlos de Laclos | |
kamerarezjy | Philippe Rousselot | |
muzyk | George Fenton | |
filmstudio | Lorimar Film Entertainment NFH Limited | |
distribúsje | Warner Bros. | |
spilers | ||
haadrollen | John Malkovich Glenn Close | |
byrollen | Michelle Pfeiffer Uma Thurman Swoosie Kurtz Keanu Reeves | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 16 desimber 1988 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | romantysk kostúmdrama | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 119 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $14 miljoen | |
opbringst | $34,7 miljoen (Noard-Amearika) | |
prizen | 3 × Oscar 2 × BAFTA 1 × César du Cinéma |