Columbus (Ohio)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Columbus is de haadstêd en grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Ohio, dy't yn it noarden fan it lân leit, besuden de Grutte Marren. Columbus leit frijwol persiis yn 'e midden fan 'e steat, op it plak dêr't de rivieren de Skioto en Olentangy gearfloeie, en is teffens it haadplak fan Franklin County, mar it hat him sasear útwreide dat ferskate bûtenwiken no op it grûngebiet fan it oanswettende Delaware County en Fairfield County lizze. Columbus hie neffens in offisjele skatting út 2012 goed 800.000 ynwenners, en as stêdekloft, wêrby't de foarstêden en de ferstedske omlizzende krite meirekkene wurdt, hie it neffens de folkstelling fan 2010 sels in befolking fan rom 1.850.000 minsken. Nei dy fan Cleveland is it dêrmei de op ien nei grutste konglomeraasje fan Ohio.
Columbus | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Ohio | |
County | Franklin County Delaware County Fairfield County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 850.206 (2015) | |
Oerflak | 577,9 km² (ynkl. wetter) 562,5 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.471,2 / km² | |
Stêdekloft | 1.858.464 (2010) | |
Hichte | 275 m | |
Oar | ||
Stifting | 1812 | |
Tiidsône | UTC -5 | |
Simmertiid | UTC -4 | |
Koördinaten | 39°57′44″N 83°00′02″W | |
Offisjele webside | ||
www.columbus.gov | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Columbus yn Franklin County en de steat Ohio. |