Chicago (rivier)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Chicago is in rivier yn it noarden fan 'e Amerikaanske steat Illinois, dy't troch de stêdekloft fan Chicago rint en ek troch de binnenstêd fan Chicago sels. De rivier wurdt op 'e flagge fan Chicago symbolisearre troch ien fan twa ljochtblauwe streken. De Chicago is mei in lingte fan 251 km net botte lang, mar histoarysk wie it in wichtich wetter fanwegen de Chicago Portage. Dat wie in plak oan 'e bopperin fan 'e rivier dêr't men fia in draachplak hannelsguod oer lân oerbrocht fan en nei de Chicago nei en fan de rivier de Des Plaines, dy't yndirekt in sydrivier fan 'e Mississippy is. Fia de Des Plaines en de Chicago waard dus it rivierestelsel fan 'e Mississippy, en dêrmei de Golf fan Meksiko, ferbûn mei de Grutte Marren, mei't de Chicago oarspronklik útmûne yn 'e Michiganmar. Dat is lykwols al lang net mear sa, mei't men yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw de streamrjochting fan 'e rivier omdraaid hat.
Chicago | ||
geografy | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Illinois | |
ûntspringt yn | Michiganmar | |
lokaasje boarne | Chicago | |
mûnet út yn | Chicago Sanitary and Ship Canal | |
lokaasje mûning | Chicago | |
fertakkings | South Branch, North Branch | |
sifers | ||
lingte | 251 km | |
maks. breedte | 27 m | |
djiptegemiddelde | 5,5 m | |
ôffier (mûning) | 16,5 m³/s |