Charles Eastman
From Wikipedia, the free encyclopedia
Charles Eastman (folút: Charles Alexander Eastman, berne as: Hakadah en hiet letter: Ohíye S’a; by Redwood Falls (Minnesota), 19 febrewaris 1858 – Detroit (Michigan), 8 jannewaris 1939) wie in Amerikaansk dokter, histoarikus, publisist, skriuwer fan koarte ferhalen en aktivist fan etnysk Eastlik Dakota-komôf. Hy bemuoide him mei de polityk en kaam op foar de rjochten fan 'e Yndianen yn 'e Feriene Steaten. Ek stifte er 32 pleatslike ôfdielings fan 'e YMCA en wied er belutsen by de oprjochting fan 'e Amerikaanske paadfinerij. Hy wurdt beskôge as de earste dy't de skiednis en kultuer fan Noard-Amearika beskreau fanút it eachpunt fan 'e Yndianen.
Fluch de feiten
Charles Eastman | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Charles Alexander Eastman of Ohíye S’a | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19 febrewaris 1858 | |
berteplak | by Redwood Falls (Minnesota) | |
stoarn | 8 jannewaris 1939 | |
stjerplak | Detroit (Michigan) | |
etnisiteit | Dakota-Sû | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | non-fiksje (skiednis, folkloare), autobiografy | |
perioade | 1e helte 20e iuw | |
bekendste wurk(en) | Indian Boyhood | |
jierren aktyf | 1893 – 1939 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Slute