Carlisle (Pennsylvania)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Carlisle (útspr.: [kɑɹ'lail], likernôch "karlail", mei de klam op it twadde wurdlid) is in plak en borough yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Pennsylvania, en it haadplak fan Cumberland County. It waard yn 1751 stifte, en leit yn 'e Cumberlanddelling, in wichtich agrarysk gebiet, likernôch 130 km benoarden Baltimore en 200 km westnoardwestlik fan Philadelphia. Neffens in offisjele skatting út 2014 hie Carlisle doe krapoan 19.000 ynwenners. It plak heart ta de stêdekloft fan Harrisburg, dat 32 km fierder op nei it easten leit, mei goed 550.000 ynwenners. Carlisle stiet benammen bekend om't it Oarlochskolleezje fan it Amerikaanske Leger der stiet, en teffens om't der foarhinne de Yndiaanske Niverheidsskoalle fan Carlisle fêstige wie, in ynternaat foar Yndiaanske bern.
Carlisle | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Pennsylvania | |
County | Cumberland County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 18.916 (2014) | |
Oerflak | 14,4 km² (ynkl. wetter) 14,3 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 1.320,9 / km² | |
Stêdekloft | 551.000 (2010) | |
Hichte | 146 m | |
Oar | ||
Stifting | 1751 | |
Tiidsône | UTC –5 | |
Simmertiid | UTC –4 | |
Koördinaten | 40°12′09″N 77°11′42″W | |
Offisjele webside | ||
www.carlislepa.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Carlisle yn Cumberland County en de steat Pennsylvania. |