Carl Jung
From Wikipedia, the free encyclopedia
Carl Gustav Jung (Kesswil, Switserlân, 26 july 1875 – Zürich, 6 juny 1961) wie in Switsersk psychiater en psycholooch. Jung wurdt beskôge as de earste psychiater dy't de minsklike geast seach as "fan natuere religieusk" en rjochte him op dat gebiet om te ûndersykjen. Jung is ek ien fan de bekendste ûndersikers op it mêd fan dreamanalyze en symboalisearing. Wylst hy folslein oan it wurk wie as arts, hat in grut part fan syn libbenswurk út it ferkennen fan mei syn wurk besibbe gebieten bestien, wêrûnder East-en westerske filosofy, algemy, astrology en sosjology, mar ek literatuer en de keunsten.