Bueren (It Amelân)
From Wikipedia, the free encyclopedia
Bueren (Nederlânsk en offisjeel: Buren) is in doarp op it Fryske eilân It Amelân. Bueren hat sa likernôch 740 ynwenners. Hoewol't it doarp midden op it eilân leit, is it de meast eastlike fan de fjouwer doarpen fan It Amelân.
Fluch de feiten
Bueren | ||
De Haadwei yn Bueren | ||
Polityk | ||
provinsje | Fryslân | |
gemeente | It Amelân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 740 (2021)[1] | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 27' NB, 5° 48' EL | |
Buerewei mei komboerd yn Bueren | ||
Kaart | ||
Slute
In kilometer fierder nei it westen leit Nes; nei it easten lizze de Koaidunen en dan It Oerd. Oars as de oare doarpen op It Amelân is Bueren fan oarsprong in streekdoarp; dêrtroch is it rommer fan opset as de tsjerkedoarpen. It toerisme spilet foar it doarp in wichtige rol.