Bristolbaai
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Bristolbaai (Ingelsk: Bristol Bay; Middenalaskaansk Jûpik: Iilgayaq) is in grutte baai foar de westkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska. It is in see-earm fan 'e Beringsee, mei in oerflak fan rûchwei 82.000 km². Der mûnje in stikmannich rivieren yn 'e Bristolbaai út en it eastlikste diel fan 'e baai hat ien fan grutste tijferskillen fan 'e wrâld, dat op guon plakken mear as 10 m bedraacht. Trochdat it it ûndjipste part fan 'e Beringsee is, mei in soad sânbanken en klippen, is it in gefaarlik plak foar gruttere skippen, benammen as der hurde wyn stiet, wat gauris sa is.
Fluch de feiten
Bristolbaai | ||
geografy | ||
type wetter | rânesee | |
lokaasje | westkust Alaska | |
lân | Feriene Steaten | |
steat | Alaska | |
koördinaten | 57-59°N 157-162°W | |
ûnderdiel fan | Beringsee | |
sifers | ||
maks. lingte | 400 km | |
maks. breedte | 290 km | |
oerflak | ±82.000 km² |
Slute