Breda
From Wikipedia, the free encyclopedia
Breda is in gemeente en in âlde garnizoens- en festingstêd yn de provinsje Noard-Brabân. It is ek in Oranjestêd troch de histoaryske bân mei it hûs Nassau. Oant 1795 wienen de boargers fan Breda ûnderdienen fan de Hear fan Breda (letter Baron neamd), dy't sûnt 1403 teffens Greve fan Nassau (ek wol oantsjutten as Nassau-Breda) en sûnt 1538 de Prins fan Oranje-Nassau wie. It gebiet om en benammen besuden Breda wurdt noch as de Barony fan Breda oantsjutten.
Breda | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Noard-Brabân |
Gemeente | Breda |
Sifers | |
Ynwennertal | 184.077 (gemeente, 1 jannewaris 2020) 150.500 (stêd 1 jannewaris 2020) |
Oerflak | 128,68 km² (gemeente) 125,74 km² (lân) 2,94 km² (wetter) |
Befolkingstichtens | 1464/km² |
Stêdekloft | 180.420 (agglomeraasje) 324.812 (metropoalregio) 1,932,055(Brabânske Stêderige) |
Hichte | 3 m |
Oar | |
Stifting | 1252 |
Tiidsône | UTC+1 |
Simmertiid | UTC+2 |
Koördinaten | 51° 35′ NB, 4° 46′ EL |
Webside | www.breda.nl |
De gemeente Breda hie op 1 jannewaris 2020 184.077 ynwenners en makket diel út fan it stêdlik netwurk BrabantStad, en is nei ynwennertal ien fan de 10 grutste gemeenten fan Nederlân. De hiele agglomeraasje Breda telt ± 314.000 minsken. Fan de Brabânske stêden komt Breda fuort nei Eindhoven en Tilburch, dy't al oer de grins fan 200.000 sitte.