Beverly Hills
From Wikipedia, the free encyclopedia
Beverly Hills is in stêd yn it suden fan 'e Amerikaanske steat Kalifornje, dy't nei de postkoade inkeld ek wol 90210 (nine-oh-two-one-oh) neamd wurdt. Der wurdt gauris tocht dat it in wyk fan Los Angeles is, mar dat is sa net. Tegearre mei de oanswettende stêd West Hollywood wurdt Beverly Hills lykwols al folslein omjûn troch it folle gruttere Los Angeles. Oan 'e noardkant fan Beverly Hills leit it Santa Monicaberchtme; eastlik lizze West Hollywood en de Losanzjelynske wiken Carthay en Fairfax District; súdlik leit de Losanzjelynske wyk Beverlywood; en westlik de Losanzjelynske wyk Bel-Air. Nettsjinsteande de namme leit it grutste part fan Beverly Hills op it flakke lân oan 'e foet fan 'e eigentlike hills ("heuvels").
Beverly Hills | ||
Emblemen | ||
Polityk | ||
Lân | Feriene Steaten | |
Steat | Kalifornje | |
County | Los Angeles County | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 34.290 (2010) | |
Oerflak | 14,8 km² (ynkl. wetter) 14,8 km² (allinnich lân) | |
Befolkingsticht. | 2.306,2 / km² | |
Stêdekloft | Los Angeles | |
Hichte | 79 m | |
Oar | ||
Stifting | 1906 | |
Tiidsône | UTC-8 | |
Simmertiid | UTC-7 | |
Koördinaten | 34°04′23″N 118°23′58″W | |
Offisjele webside | ||
www.beverlyhills.org | ||
Kaart | ||
De lizzing fan Beverly Hills yn Los Angeles County en yn 'e steat Kalifornje. |
Neffens de gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 hie Beverly Hills doe goed 34.000 ynwenners. It makket diel út fan 'e stêdekloft fan Los Angeles, dy't in befolking hat fan 12,8 miljoen minsken. Beverly Hills is benammentlik bekend as it wenplak fan withoefolle pop- en filmstjerren, en ek wol fan Beverly Hills, 90210, in tillefyzjesearje út 'e njoggentiger jierren. Ta de stêd hearre ek de ferneamde winkelbuert Rodeo Drive en it noch altyd aktive Beverly Hills-oaljefjild.