Bertolt Brecht
From Wikipedia, the free encyclopedia
Eugen Berthold Friedrich (Bertolt) Brecht (Augsburg, 10 febrewaris 1898 — Berlyn, 14 augustus 1956) wie in Dútsk dichter, (toaniel)skriuwer, toanielregisseur en literatuerkritikus. Syn wurk wie bot polityk engazjearre. Brecht wurdt beskôge as de grûnlizzer fan it epysk teater. Hy arbeide in protte op mei de komponisten Hanns Eisler en Kurt Weill. Yn 1933 flechte Brecht út Dútslân en kaam nei omswalkingen yn de Feriene Steaten te lâne. Dêr soe er letter ferfolge wurden fanwege anty-Amerikaanske aktiviteiten, wêrnei't er nei East-Berlyn ferfear.