Benjamin Jowett
From Wikipedia, the free encyclopedia
Benjamin Jowett (útspr.: ['bɛnʤəmɪn 'ʤoʊɪt], likernôch: "bendzjemin dzjoo-it"; Londen, 15 april 1817 – Oxford, 1 oktober 1893) wie in foaroansteand Britsk klassikus, teolooch en heechlearaar, dy't teffens rektor fan it Balliol Kolleezje te Oxford wie, en letter fise-kânselier fan 'e hiele Universiteit fan Oxford. Hy waard ferneamd as bestjoersherfoarmer en as oersetter fan it wurk fan Plato en Tûsydides fan it Aldgryksk nei it Ingelsk.
Fluch de feiten
Benjamin Jowett | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Benjamin Jowett | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 15 april 1817 | |
berteplak | Londen (Ingelân) | |
stoarn | 1 oktober 1893 | |
stjerplak | Oxford (Ingelân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | klassikus, teolooch, heechlearaar, predikant | |
aktyf as | oersetter, essayist, bestjoerder | |
jierren aktyf | 1838 – 1893 |
Slute