Beafeartstsjerke fan de Hillige Martlers fan Gorkum
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Beafeartstsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum is in tsjerkegebou yn Brielle yn Súd-Hollân. De tsjerke stiet op de lokaasje dêr't earder in kleaster stien hat en yn 1572 njoggentjin katolike geastliken yn in turfskuorre ferhongen waarden troch wettergeuzen. Yn 'e 19e iuw waard de lokaasje in beafeartsplak, mar de hjoeddeiske tsjerke datearret fan 1932. Alle jierren is om 9 july hinne de tsjerke in sintrum fan 'e Nasjonale Beafeart. Dan rinne pylgers by de krúswei lâns yn de oerdekte omgong om de hillige martlers fan Gorkum te betinken.
Fluch de feiten
Beafeartstsjerke fan 'e Hillige Martlers fan Gorkum | ||
Lokaasje | ||
Súd-Hollân | ||
plak | Brielle | |
adres | De Rik 5 | |
koördinaten | 51° 53' N 4° 9' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Rotterdam | |
patroanhillige | Martlers fan Gorkum | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | H.P.J. de Vries | |
boujier | 1931-1932 | |
boustyl | Neogotyk | |
monumintale status | ryksmonumint | |
monumintnûmer | 518183 (tsjerke) 518184 (omgong) | |
Webside | ||
Side beafeartstsjerke | ||
Kaart | ||
Slute