Basilyk fan Us-Leaffrouwe fan 'e Ingels (Assisi)
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Basilyk fan Us-Leaffrouwe fan 'e Ingels (Italjaansk: Basilica di Santa Maria degli Angeli) is in monumintale tsjerke fan de lette renêssânse oan 'e foet fan 'e heuvel fan de Italjaanske stêd Assisi yn 'e frazione (buorskip) fan Santa Maria degli Angeli. De basilyk waard tusken 1569 en 1679 troch de arsjitekten Galeazzo Alessi en Giacomo Barozzi da Vignola oer in lytse kapel mei de namme Portiuncula boud. Dy kapel is it hillichste plak foar de Fransiskanen. De bidlersoarder fan 'e Fransiskanen as minderbruoren begûn yn dy kapel en dêr krige de noch jonge Fransiskus fan Assisi it dúdlike gefoel fan syn ropping en naam er ôfstân fan wrâldske saken om yn earmoede ûnder de earmen te libjen.
Basilyk fan Us-Leaffrouwe fan 'e Ingels
Basilica di Santa Maria degli Angeli | ||
Lokaasje | ||
lân | Itaalje | |
regio | Umbrje | |
plak | Assisi | |
koördinaten | 43° 3' N 12° 34' E | |
Tsjerklike gegevens | ||
tsjerkegenoatskip | Roomsk-Katolike Tsjerke | |
bisdom | Assisi-Nocera Umbra-Gualdo Tadino | |
Arsjitektuer | ||
arsjitekt | Galeazzo Alessi Giacomo Barozzi da Vignola | |
boujier | 1569-1679 | |
boustyl | maniërisme, neoklassisisme | |
Webside | ||
Santa Maria degli Angeli en de Portiunkula-Kapel | ||
Kaart | ||
Yn it jier 2000 waard de basilyk mei oare fransiskaanske monuminten fan Assisi ynskreaun yn it wrâlderfgoed fan UNESCO.