Bad Santa
film út 2003 fan Terry Zwigoff / From Wikipedia, the free encyclopedia
Bad Santa is in Amerikaanske swarte misdiekomeedzje en krystfilm út 2003 ûnder rezjy fan Terry Zwigoff, mei yn 'e haadrollen Billy Bob Thornton en Tony Cox. De titel betsjut "Stoute Krystman". It ferhaal giet oer in pear kriminelen dy't ûnder de momkape fan 'e krystman en in krystelf warehuzen berôvje. De film waard oer it algemien mei positive resinsjes ûntfongen troch de filmkritisy en wie kommersjeel súksesfol yn 'e bioskopen. Yn 2016 ferskynde der in ferfolchfilm, Bad Santa 2.
Fluch de feiten
Bad Santa | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Terry Zwigoff | |
produsint | John Cameron Sarah Aubrey Bob Weinstein | |
útfierend produsint | bruorren Coen | |
senario | Glenn Ficarra John Requa | |
kamerarezjy | Jamie Anderson | |
muzyk | David Kitay | |
filmstudio | Columbia Pictures Tryptich Pictures | |
distribúsje | Dimension Films (Noard-Am.) Columbia TriStar (ynternasj.) | |
spilers | ||
haadrollen | Billy Bob Thornton Tony Cox | |
voice-over | Billy Bob Thornton | |
byrollen | Lauren Graham Brett Kelly Bernie Mac John Ritter | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten | |
premiêre | 26 novimber 2003 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | swarte misdiekrystkomeedzje | |
taal | Ingelsk | |
spyltiid | 91 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $23 miljoen | |
opbringst | $76,5 miljoen | |
filmsearje | ||
filmsearje | Bad Santa | |
● folgjend diel | Bad Santa 2 |
Slute
- Dizze side giet oer de film út 2003. Foar oare betsjuttings, sjoch: Bad Santa (betsjuttingsside).