Arkansas
From Wikipedia, the free encyclopedia
Arkansas (Ingelsk: Arkansas; útspr.: ['ɑɹkənsɔ:], likernôch "ark'nsô"), offisjeel de Steat Arkansas (Ingelsk: State of Arkansas), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Arkansas, byneamd de Natural State ("Natuersteat"), leit oan 'e westkant fan 'e rivier de Mississippy, en heart ta de regio fan it Amerikaanske Suden. De haadstêd is Little Rock, en dat is ek de grutste stêd fan 'e steat. Neffens in skatting út 2014 hie de Arkansas doe krapoan 3 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 32e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Arkansas mei hast 138.000 km² de 29e steat. Arkansas is in fierhinne lanlik gebiet, dat bûten de Feriene Steaten benammen bekend stiet om it feit dat de eardere Amerikaanske presidint Bill Clinton der wei kaam.
Steat Arkansas State of Arkansas | |
---|---|
flagge | wapen |
Regnat Populus (Latyn, "It Folk Regearret") | |
lokaasje yn de Feriene Steaten | |
algemien | |
ôfkoarting | AR |
lân | Feriene Steaten |
status (jier) | steat (1836) |
haadstêd | Little Rock |
grutste stêd | Little Rock |
offisjele taal | Ingelsk |
sifers | |
ynwennertal | 2.966.369 (2014) |
befolkingstichtens | 21,8 / km² |
oerflak | 137.733 km² (2,1% wetter) |
bykommende ynformaasje | |
bynamme | de Natural State (foarh. Land of Opportunity) |
tiidsône | UTC –6 |
simmertiid | UTC –5 |
webside | www.arkansas.gov |
- Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Arkansas. Foar oare betsjuttings, sjoch: Arkansas (betsjuttingsside).