Anisius Manlius Boëtius (folút: Anisius Manlius Torkwatus Severinus Boëtius; Latyn: Anicius Manlius Torquatus Severinus Boethius), yn 'e regel koartwei Boëtius neamd (Rome, ±480 – Pavia, 524), wie in kristlik, let-Romeinsk filosoof, wiskundige, teolooch, skriuwer, amtner en politikus. Hy wurdt gauris as in wichtige skeakel sjoen tusken de filosofy út 'e heidenske Aldheid en dy út 'e kristlike Midsiuwen. Syn politike belutsenens late úteinlik yn 523 ta syn fal, wêrnei't er op befel fan 'e Eastgoatyske kening Teodoarik de Grutte terjochtsteld waard op fertinking fan gearspanning mei it Byzantynske Ryk. Under syn finzenskip skreau Boëtius De Fertreasting fan de Filosofy, syn meast ferneamde wurk, dat ien fan 'e populêrste en ynfloedrykste boeken fan 'e Midsiuwen wurde soe.