Angelina Jolie
From Wikipedia, the free encyclopedia
Angelina Jolie (berne Angelina Jolie Voight) (Los Angeles,, 4 juny 1975) is in Amerikaansk aktrise en Goodwill Ambassadeur foar de UN Refugee Agency. Sy hat trije Golden Globe Awards, twa Screen Actors Guild Awards, en in Academy Award wûn. Jolie set har yn foar humanitêre saken oeral yn de wrâld, en is bekend om har wurk foar flechtlingen by de UNHCR. Sy wurdt ien fan de kreaste froulju yn de wrâld neamd en har priveelibben kin op in protte omtinken rekkenje.
Angelina Jolie | ||
akteur | ||
Angelina Jolie (2014) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Angelina Jolie Voight | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 4 juny 1975 | |
berteplak | Los Angeles | |
jierren aktyf | 1982-No |
Jolie is de dochter fan de akteur Jon Voight en Marcheline Bertrand. Nei de skieding fan har âlden hat hja har heit lange tiid net sjoen, letter binne se wol wer goed wurden. Har earste filmoptreden yn 1982 wie neist har heit.
Jolie is skieden fan de akteurs Jonny Lee Miller en Billy Bob Thornton. Hjoeddeisk wennet hja mei akteur Brad Pitt, in ferhâlding dy't wrâldwiid omtinken fan de media kriget. Jolie en Pitt hawwe trije adoptearre bern, Maddox, Pax, and Zahara, en ek trije bern fan harren sels, Shiloh, Knox, en Vivienne. Septimber 2016 waard bekend dat Jolie in skieding oanfrege hat.