André Gide
From Wikipedia, the free encyclopedia
André Gide, folút: André Paul Guillaume Gide (útspr.: [ɑ̃dʁe pɔl ɡijom ʒid] (efternamme: "zjyd"); Parys, 22 novimber 1869 – dêre, 19 febrewaris 1951), wie in Frânsk skriuwer en essayist, dy't sawol bekend wurden is mei syn romans as mei autobiografyske wurken. Fierders skreau er ek reisferhalen. Syn karriêre besloech it hiele spektrum fan 'e symbolistyske beweging fan 'e njoggentjinde iuw oant it anty-kolonialisme yn it Ynterbellum. Op it persoanlike flak wied er iepentlik biseksueel en homorjochte-aktivist yn in perioade dat soks maatskiplik net akseptearre waard. Yn 1947 waard oan him de Nobelpriis foar de Literatuer takend.
Fluch de feiten
André Gide | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | André Paul Guillaume Gide | |
nasjonaliteit | Frânsk | |
berne | 22 novimber 1869 | |
berteplak | Parys (Frankryk) | |
stoarn | 19 febrewaris 1951 | |
stjerplak | Parys (Frankryk) | |
etnisiteit | Frânsk | |
wurk | ||
taal | Frânsk | |
sjenre | lit. romans & koarte ferh., reisferh., toaniel, poëzij, essay's, non-fiksje, autobiografy | |
perioade | Belle Époque, 1e helte 20e iuw | |
streaming | symbolisme, anty-kolonialisme | |
bekendste wurk(en) | Les Cahiers d'André Walter La Symphonie Pastorale Voyage au Congo | |
prizen | Nobelpriis 1947 | |
jierren aktyf | 1891 – 1951 | |
offisjele webside | ||
www.andregide.org |
Slute