Andorra la Vella
From Wikipedia, the free encyclopedia
Andorra la Vella (Frânsk: Andorre-la-Vieille) is de haadstêd fan Andorra, mids de Pyreneeën. It stedsje hat 23.498 ynwenners (2020)en is ek de wichtichste parochy fan it lân.
![]() |
Fluch de feiten
Andorra la Vella | ||
Polityk | ||
Lân | Andorra | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 23.498 (2020) | |
Oerflak | 30 km² | |
Befolkingsticht. | ± 766 / km² | |
Hichte | 1023 m | |
Oar | ||
Postkoade | 500 | |
Koördinaten |
Slute
De stêd stiet bekend om de belestingfrije winkels. Dêrom komme der in protte Frânsen en Spanjerts, mar ek toeristen út oare Europeeske lannen nei dat plak, om bygelyks goedkeape tabak en alkohol te keapjen.