Amerikaanske Uny foar Boargerlike Frijheden
From Wikipedia, the free encyclopedia
De Amerikaanske Uny foar Boargerlike Frijheden (Ingelsk en offisjeel: American Civil Liberties Union), ek bekend ûnder de ôfkoarting ACLU, is in Amerikaanske non-profitorganisaasje dy't himsels ta doel stelt om 'e yndividuële rjochten fan alle persoanen yn 'e Feriene Steaten te ferdigenjen en te hanthavenjen, sa't dy fêstlein binne yn 'e Amerikaanske Grûnwet. De organisaasje, dy't aktyf is yn alle fyftich Amerikaanske steaten en dêropta yn Washington, D.C. en Porto Riko, is offisjeel ûnpartijich, en kriget geregeldwei krityk út sawol progressive as konservative hoeke. De ACLU hie yn 2017 1,2 miljoen leden, krapoan 300 betelle wurknimmers, ferskate tûzenen frijwilligers en in budget fan $100 miljoen. De wichtichste taken fan 'e ACLU binne it jaan fan juridyske bystân oan lju fan wa't (nei de miening fan 'e ACLU) de boargerrjochten yn 'e knoei komme, it beävensearjen fan in politike lobby by it Amerikaanske Kongres, it regear en oare oerheidsynstellings, en it jaan fan foarljochting oer boargerrjochten oan it publyk.
Amerikaanske Uny foar Boargerlike Frijheden American Civil Liberties Union | ||
algemiene ynformaasje | ||
ôfkoarting | ACLU | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
type org. | feriening, non-profit | |
wurkmêd | opkommen foar boargerrjochten | |
haadkertier | New York (New York) | |
oprjochte | 1920 | |
fuortk. út | NCLB | |
tal leden | 1,2 miljoen (2017) | |
wurknimmers | ±300 | |
aktyf yn | Feriene Steaten, Porto Riko | |
offisjele webside | ||
www.aclu.org |