Altfioele
From Wikipedia, the free encyclopedia
De altfioele is in strutsen snaarynstrumint. De alt is wat grutter as de fioele en hat ek fjouwer snaren, stimd as C-G-D-A. De altfioele hat in nijsgjirrige rol yn in ensemble of orkest. Soms spilet de altfioelist:
- in stypjende stim, om de harmoanyske opbou folslein te meitsjen, wêrby't er net te lûd spylje mei;
- in basstim, bygelyks as de sello in meldij spilet; dy basstim moat goed te hearren wêze;
- in twadde stim tsjin de earste fioele of sello oan - ek dan moat de alt goed te hearren wêze;
- in solo-ein.
Altisten moatte harren partij goed analisearje en witte yn hokker eintsjes se hokker rol ha.
De formanten en de resonânsje troch de klankkast fan in altfioele lizze sawat in terts te heech foar syn stimming. Dêrtroch klinkt de alt altyd wat omfloerster as de gruttere of lytsere broer, de fioele resp. sello, dy't in bettere oanpassing fan har resonânsjepiken hawwe. Eins soe in altfioele grutter wêze moatte, mar dan is er net mear mei de earm te bespyljen. Der is as probearsel alris in gruttere altfioele boud, en de bespiler hat leard dy op 'e knibbel te bespyljen. Sa'n alt klonk wol sterker, mar de tipyske altklank waard mist en dus is it gjin súkses wurden. De grutte Italjaanske fioelebouwers út de 18e iuw, lykas Stradivarius, Amati, Carlo Giuseppe Testore en Gasparo da Salo, bouden ek altfioelen.
Ferskate komponisten lykas Bach, Mozart, Felix Mendelssohn, en benammen Antonín Dvořák spilen sels graach altfioel. Oaren, lykas Beethoven, diene it in hoartsje as bybaantsje om troch de tiid te kommen.
Yn Hongaarske muzyk en Roemeenske muzyk wurdt in spesjale altfioele brûkt (no kontra neamd, of bratch, krekt as it Dútske Bratsche ôflaat fan it Italjaanske Viola da Braccia oftewol earmfioel), meast útfierd mei flakke kaam en trije snaren (gauris stimd as G-d-A) sadat akkoardspyljen mooglik wurdt; hjir hat de alt allinnich ritmysk/harmoanysk in funksje; meldijspyljen is sa goed as ûnmooglik. Itselde bard yn de sigeunermuzyk dy't sterk oan de twa neamde muzyksoarten besibbe is.