Alaska-skiereilân
From Wikipedia, the free encyclopedia
It Alaska-skiereilân (Ingelsk: Alaska Peninsula) is in skerp útstykjend skiereilân, dat him fanôf de súdwestkust fan 'e Amerikaanske steat Alaska oer in ôfstân fan sa'n 800 km útstrekt nei it súdwesten, dêr't it úteinlik oergiet yn 'e eilannegroep fan 'e Aleoeten. De namme fan 'e steat Alaska giet feitliken tebek op 'e namme fan it skiereilân (en net oarsom, sa't wolris tocht wurdt).