Al Gore
From Wikipedia, the free encyclopedia
Al Gore (folút: Albert Arnold Gore jr.; Washington, D.C., 31 maart 1948) is in Amerikaansk âld-politikus, skriuwer, miljeu-aktivist en heechlearaar fan mingd Ulstersk en Angelsaksysk Amerikaansk etnysk komôf. Hy begûn syn karriêre as sjoernalist en oarlochskorrespondint, fertsjintwurdige syn thússteat Tennessee yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen en de Amerikaanske Senaat, wie fan 1993 oant 2001 de 45ste fise-presidint fan 'e Feriene Steaten ûnder Bill Clinton, en besocht by de ferkiezings fan 2000 as kandidaat foar de Demokratyske Partij it presidintskip te bemachtigjen, mar ferlear it úteinlik fan syn Republikeinske tsjinstanner George W. Bush nei in twifelige episoade mei ferskate wertellingen yn 'e steat Floarida.
Al Gore | ||
politikus | ||
echte namme | Albert Arnold Gore jr. | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 31 maart 1948 | |
berteplak | Washington, D.C. | |
etnisiteit | Ulstersk | |
partij | Demokratyske Partij | |
prizen | Nobelpriis foar de Frede 2007 Oscar 2007 Emmy Award 2007 Grammy Award 2009 | |
Fise-presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 1993 – 2001 | |
foargonger | Dan Quayle | |
opfolger | Dick Cheney | |
Amerikaansk senator foar Tennessee | ||
amtsperioade | 1985 – 1993 | |
foargonger | Howard Baker | |
opfolger | Harlan Mathews | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 6de Distrikt fan Tennessee) | ||
amtsperioade | 1983 – 1985 | |
foargonger | Robin Beard | |
opfolger | Bart Gordon | |
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen (foar it 4de Distrikt fan Tennessee) | ||
amtsperioade | 1977 – 1983 | |
foargonger | Joe L. Evins | |
opfolger | Jim Cooper |
Nei't syn polityk wurkpaad op dy manear op 'e non rûn wie, begûn er in nije karriêre as sakeman en skreau er ferskate bestsellers op it mêd fan polityk en miljeu, wêrûnder it ferneamde An Inconvenient Truth. Hy joech de wrâld yn 't rûn lêzings oer klimaatferoaring en lobbyde sûnder ein yn Washington om 'e Amerikaanske polityk fan 'e reäliteit fan dat probleem te oertsjûgjen en oan te setten ta it nimmen fan foechsume maatregels. Yn 2007 waard him foar syn krewearjen op dat mêd de Nobelpriis foar de Frede takend.